Dat de soarch as underwurp tige libbet ha wy de ôfrune wiken wol sjen (en heare) kinnen. Hast alle dagen sjogge je yn de media berjochten oer de soarch. Op himsels is dat natuerlik neat bysunders



Yüklə 8,59 Kb.
tarix08.04.2018
ölçüsü8,59 Kb.
#36658

Dat de soarch as underwurp tige libbet ha wy de ôfrune wiken wol sjen (en heare) kinnen. Hast alle dagen sjogge je yn de media berjochten oer de soarch. Op himsels is dat natuerlik neat bysunders. Soarch is nammentlik in breed begrip. Der falt hiel wat under te beflappen. Mar wêrom dan in temajun oer Soarch en yn it bysunder oer de takomst fan de Soarch yn Sudwest-Fryslan.
Soarch is in wezenlijk onderdiel fan de mienskip. Yn it foarste plak betsjut soarch dan ek noed oer inoar hawwe en omtinken te hawwe nei elkoar. Dat sit yn ienfaldige dingen, sa as de kontener foar de buorman, dy’t op leeftiid is, nei de kant fan de dyk bringe. Sa no en dan om’e hoeke sjen by de buorfrou werfan de bern fier ut de buert wenje. En sa kin je hiel wat foarbylden betinken fan soarch, fan ynformele soarch. En as jo dit dan fanselssprekkend gewoan yn de earen klinkt dan ha we de earste slach te pakken.
Mar as soarch swierder wurd, yntinsiever, fiergeande kennis en kunde fereasket dan fine we it juist fanselssprekkend dat we dy soarch oan professionals oerlitte. Dy binne der foar nei skoalle west, hawwe de underfining en wurde motivearje fanut harren gefoel om dit wurk te dwaan. Mar noch hieltiten draait it ek by professionele soarch om itselde, nammentlik oandacht en omtinken.
Oandacht en omtinken bin begrippen dy’t heaks lykje te stean op de wize werop de soarch him untwikkele hat. Regeltjes, protocollen, ferantwurdzje mar ek doelmjittich en meetber it bin samar wat kreten dy’t in haadrol spylje yn de soarch. Mar der wie in pear jier lyn in man dy’t sei dit moat oars en ik gean dat dwaan. En wol mei minder burokratsy en mei de kliint sintraal. De organisaasje dy’t de man oprjochte hat is Buurtzorg Nederlân en is as konsept sels al ynternasjonaal gien.
Dy man efter Buurtzorg Nederlân is Jos de Blok. Jo sille aansen sprekke. De FNP hat jo utnûge om dat jo dúdelik oars oer saken tinke en dermei suksesfol binne. Wat hâldt it konsept, Buurtzorg, yn en wat kin we leare fan de wize werop sjoen wurdt nei soarch. Foar ûs as FNP stiet derby foar op dat we us kennis oer de soarch ferbreedzje en fergrutsje wolle troch ûs prikkelje te litten troch in oare wize fan tinken. En fansels kin dat net súnder de diskusje op te sykjen.
Sa bin der noch al wat untwikkelings wêr we as polityk mei te krije ha. Bygelyks it ferskynsel fan yndifidualisearring en de gefolgen derfan. En dan hoe dit him ferhâldt ta de politike fizy en idealen dy’t je oanhingje. Yn it gefal fan de soarch tink ik dan yn it bysunder oan aard en skaal, mar ek oan leefberens.
Ek it oerheidsbelied besiket yn te spylje op it tanimme fan de yndifidualisearring. Dat sjoch je dus ek yn de soarch. Minsken kinne troch de merkwurking yn de thússoarch sels in kar meitsje foar in organisaasje dy’t it beste oan harren winsken foldwaan kin. Feinliks aard en skaal pur sang, nammentlik maatwurk per individu.
Mar as elts de soarch thús levere krijt op de wize dy’t se sels wolle, wêr komt de mienskip dan om hoeke sjen? Dat giet fansels fierder dan dat minsken de hûs ut komme en in sosjaal libbe ha moatte. It giet ek om solidariteit. Want werom soene je belêsting/soarchpremie betelje as je dêr net in effekt fan sjogge op je omjouwing.
Sa binne der yn us gemeente allerhande soarchynstellings, grut en lyts. Al dizze ynstellings biede wurk oan minsken. En troch yn in doarp of wyk te sitten wurkje se yn mear of mindere mate mei oan de leefberens. Fansels it leafst troch sa folle mooglik de lokale mienskippe derby te behelje. Toch bygelyks lokaal yn te keapjen, frijwilligers te werven en iepen aktiviteiten te organisearjen.
It Frysk Sosjaal Planburo ynformearre ûs koartlyn dat yn 2030 ien op de fjouwer Friezen 65-plus wêze sil. Wat betsjut dit foar it soarchlânskip? In grutter wurdend oandiel âldere minsken. Mar ek minsken dy’t hieltiten langer libje en langer sûn bliuwe. Minsken dy’t mear as foarhinne selsstannige thûs wenje bliuwe kinne troch bettere medysinen en medysk-techologyske oplossings.
Foar my wie de konkrete oanlieding foar dizze jûn in behoefte oan ferdjipping en in fiergesicht op it tema Soarch. Want ek yn us gemeente spilet op it stuit it ien en oar dat my tige yn de besnijing hâldt. Nammentlik in soarchferliner fan thussoarch dy’t it kontrakt mei de gemeente opsein hat. En net de earste de beste, mar fierwei de grutste oanbieder fan thussoarch. Wat is hjir oan de hân?
Fansels is it antwurd op dy fraach net ienfâldig. De ien sil sizze, se krije te min jild en de oar sil sizze, hja hawwe harren saakjes net op oarder. Mar in feit is dat der in hoop feroare is yn de bekostiging fan de soarch en de rol fan de gemeente deryn. En it proses fan transysje, oergong fan soarchtaken fan ryk nei gemeente is op himsels al in drege operaasje. En no moat de transformaasje, omfoarming stâl krije. En it is krekt dizze transformaasje dy’t tige nijsgjirrich is.
Transformaasje betsjut soksawat as feroarje, omfoarmje. Mar wêr yn en mei hokker needsaak? Sa as altiten liket jild, of it gebrek der oan, de wichtigste driuwende faktor. Rinne de soarchkosten ut de klauwen as we trochgean op deselde wize?

De gemeente is mei in lytser budzjet ferantwurdelik foar soarchtaken wurden. De fraach is no hoe geane we tûker mei it jild om en hoe tille we de soarch nei in heger peil. Dit is ambiteus en onmooglik as je gjin rjochting hawwe. Derom jouwe wy as FNP graach mei dizze jûn en jo ynbring yn de diskusje de oanset ta in fizy op de Takomst fan de Soarch yn SWF.


Ik winskje jo in noflike en ynspirearjende jûn ta.
Yüklə 8,59 Kb.

Dostları ilə paylaş:




Verilənlər bazası müəlliflik hüququ ilə müdafiə olunur ©genderi.org 2024
rəhbərliyinə müraciət

    Ana səhifə