In hûnestreek



Yüklə 8,42 Kb.
tarix08.04.2018
ölçüsü8,42 Kb.
#36668

In hûnestreek

Jelle is de namme en ik ha it yn myn libben goed foar elkoar. Twa kear deis stiet it iten klear en ik kin safolle drinke as ik wol. Oerdeis lis ik wat te slûgjen neist de kachel op in sêft kleed en as jûns de televyzje útgiet, jou ik my yn ‘e koer del yn ‘e bykeuken. As beleanning nim ik myn húsgenoaten alle dagen mei te kuierjen. Dan krije se ek wat frisse lucht en beweging. Tagelyk kin ik oaren yn ‘e buert dúdlik meitsje dat ik de baas bin. Gelokkich ha’k myn ballen noch. Ik kom ûnderweis genôch soartgenoaten tsjin dy’t se misse en dat rûkt dochs wat futleas.


Ik pas goed op myn hûs en myn roedel, dy’t út fjouwer minsken en mysels bestiet. De taak fan oppasser nim ik hiel serieus. As de doarbel giet, bin ik net te hâlden. Ik bin flink oan ‘e maat, dat de measten skrikke har in ûngelok as ik dúdlik meitsje dat se op myn terrein komme. Soms stapt der in minskpersoan yn ‘e hûs dy’t ik noch net ken en dan kin ik har eangst faak rûke. Mei sin bliuw ik dan deun by harren stean, dan witte se hielendal net hoe’t se it ha. Dat duorret meastal net lang, want dan wurd ik oan ‘e kant reage en moat ik op it kleed lizzen gean.

Mar fierder gjin kleien. Op ien ding nei… en dat sit my hiiiel heech. Der is ien dy’t my it libben fer-skrik-li-ke soer makket en dat is dy aaklike, gemiene, rottige boarre (kater) fan de buorlju. Dat kring hellet my it bloed ûnder de neils wei. Ik kin net oer it bist. As ik by ‘m del rin, sjocht er my lyk oan mei fan dy útdaagjende eagen. Ik kin noait ofte nimmer by ‘m komme, want ik sit bûten altyd fêst oan in riem. Dat loeder hat it ien kear oandoart om by ús yn ‘e tún te skiten. As in raket bin ik achter him oan flean. Doe’t ik him hast hie, sprong er oer it stek, de misliksma.


Sûnt in hoartsje (tijdje) komt der geregeld in jonge by ús oer de flier. Dat is de freon fan myn bazinne Elske. Freedtejûn is fêste prik. Dan komt er om in oere as acht. As er mei syn fyts achterom riden komt, springt Elske fan ‘e bank en rint troch de keuken, fia de bykeuken nei de garaazje. Ik wit dat presys, want ik rin altyd efkes mei om de nijkommer goeie te sizzen. Yn ‘e garaazje docht se de earmen om dy jonge syn hals en dan begjinne se te tútsjen. Ik stean der dan mar wat by. Ik ha ien kear besocht mei myn snút tuskenbeide te kommen, mar doe krige ik in tik op ‘e kop. As se klear binne, en dat duorret meastal lang, rinne wy mei ús trijen nei de keamer. Dêr geane se dan hân yn hân op ‘e bank sitten. Mei de hiele famylje drinke se dan tee. As it dan donker is, freget Elske oan har freon: ‘Sille wy Jelle efkes útlitte?’ Ik foel de earste kear hast om fan de skrik. Elske lit my nammentlik út harsels noait út. Har heit of mem moat har opdracht jaan, oars lit se my moai mei in folle blaas rinne.

Doe’t ik yn ‘e gaten krige dat se it miende, sprong ik fansels in gat yn ‘e loft. No bin ik der al oan wend, dat Elske en ik mei dy jonge nei bûten ta geane. Mar ik moat earlik bekenne, dat it net myn favorite loopke is. It sjit foar gjin meter op. Wy steane hieltyd stil, want dan moatte se wer sa nedich tútsje.

En dat wie ôfrûne freedtejûn ek wer it gefal. Ik tink dat wy al in oere ûnderweis wienen, doe’t wy de strjitte wer yn kamen. Flak foar it hûs fan de buorlju bleaunen se wer stean. Ik ferfeelde my te pletter, dat ik draaide wat om it stel hinne. Op in stuit krige ik dy smoarge smycht fan hjirneist yn ‘e gaten. Mei de sturt omheech en de kop wat bryk, stie er my út te daagjen. Ik waard sa duvelsk, dus ik naam in oanloop en soe boppe op ‘m springe. Mar ik wie efkes fergetten dat ik fêst siet. Healwei myn sweefdûk wie it ho en klapte ik op ‘e stoepe. Doe’t ik omseach, leinen Elske en har freon ek langút op ’e stoepe.

Elske begûn te gûlen. Se kaam wat omheech en ik seach dat se bloed oan ‘e holle hie. Har freon besocht los te kommen út de tizeboel fan ‘e riem. Hy gong sitten en fielde oan ‘e earm. Ferbjustere seach ik nei har.


It is no sneintemiddei en Elske har freon is der wer. It begruttet my wol, want hy rint mei de earm foar it boarst, der sit wyt guod omhinne en hy kin ‘m net bewege. Elske hat my sûnt freed net mear aaid en ik bin bang dat wy hjoed net te rinnen geane.

Mar it aller, aller, allerslimste is dat dy rotkat noch frij omrint.




Yüklə 8,42 Kb.

Dostları ilə paylaş:




Verilənlər bazası müəlliflik hüququ ilə müdafiə olunur ©genderi.org 2024
rəhbərliyinə müraciət

    Ana səhifə