Nijjierstaspraak fan fnp-foarsitter Nynke Beetstra op 9 jannewaris 2010 yn Eksmoarre



Yüklə 11,2 Kb.
tarix08.04.2018
ölçüsü11,2 Kb.
#36667

Nijjierstaspraak fan FNP-foarsitter Nynke Beetstra

op 9 jannewaris 2010 yn Eksmoarre.
Bêste FNP-freonen,
Út namme fan it haadbestjoer winskje ik jim allegear in sûn en lokkich 2010. Dy winsk is yn ’t foarste plak foar jim persoanlik. Mar we sitte hjir hjoed byelkoar as FNP’ers en ik wol jim foar dit nije jier dan ek alle goeds en in soad súkses tawinskje by jim ynset foar de FNP en foar Fryslân. 2010 wurdt foar ús in wichtich polityk jier want 3 maart binne de riedsferkiezings. Dêroer aanst mear.
Wy binne dit jier te gast by de ôfdieling Wûnseradiel yn de Fryske greidhoeke. Wûnseradiel is in echte plattelânsgemeente mei sawat 11.800 ynwenners en 55 offisjele kearnen, besteande út doarpen, gehuchten en buorskippen. Wûnseradiel bestiet al hiel lang. Earst as gritenij. Dat is yn de Midsieuwen, de tiid fan de Fryske frijheid doe’t Fryslân noch opdield wie yn gritenijen en stêden. Yn 1851 wurde troch tadwaan fan Thorbecke de gritenijen yn Fryslân feroare yn gemeenten en ûntstiet de gemeente Wûnseradiel. En no liket, troch de skaalfergruttingsdriften fan hjoed de dei, de ein yn sicht fan dizze prachtige gemeente.
Samar in greep út de skiednis fan dit gebiet: 1494, Penjum plundere troch de Fetkeapers; 1498, Makkum platbrând troch de Skieringers; 1663, de tsjerketoer fan Wytmarsum brânt ôf troch bliksemynslach; 1836, in wynhoas wurdt de tsjerketoer fan Eksmoarre fataal en 1932, de Ôfslútdyk wurdt oanlein.

Yn Wûnseradiel binne ek in tal mear of minder ferneamde soannen en ien dochter berne. Yn Wytmarsum Menno Simons en haadklassekeatser Folkert van der Wei; yn Tsjerkwert berneboekeskriuwster Anny de Jong; yn Koarnwert Obe Postma; yn Kimswert Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier; yn Penjum Rients Gratama en ta beslút yn Skettens trije politisy, te witten de CDA’ers Sytze Faber en Aucke van der Werff, en D66-pommerant Gerrit Ybema. Dat lycht der net om.


Hoe kom ik oan al dy gegevens? Ôfrûne oktober waard de Bosatlas fan Fryslân presintearre, goed 400 siden tsjok en goed 4 kilo swier. In skitterend neislachboek mei in skat oan ynformaasje yn kaarten, foto’s, tabellen en grafiken oer Fryslân op allerhande mêd. Sa hawwe Friezen yn trochsneed minder oergewicht as de measte oare Nederlanners. Mar kwa alkohol nimt ús Bearenburchprovinsje steviger yn as de oare provinsjes. Lykwols – of miskien krekt dêrom – hawwe Friezen minder kontakt mei de húsarts as de oare Nederlanners. Om mar ris willekeurich wat ûnderwerpen te neamen dy’t yn kaart brocht binne. Neffens Peter Vroege fan útjouwer Noordhoff yn Grins, wie it in dream om it idee fan de Grutte Bosatlas fan Nederlân ek út te wurkjen foar Fryslân. Der is neffens him mar ien provinsje dêr’t soks kin. Nergens is sa’n ferbûnens tusken de befolking en de provinsje as hjir. Dat sit him yn de identiteit, yn de eigen taal en kultuer, de eigen skiednis en it karakteristike lânskip, sa seit de útjouwer. Dat se dêr yn Grins in goeie ynskatting makke hawwe, docht wol bliken út de ferkeapsifers. Yn twa moanne tiid is de earste oplage fan 15.000 al hast útferkocht en net allinnich yn Fryslân.
Dy ferbûnens mei Fryslân docht ek dúdlik bliken út ús eigen enkête. Foar FNP’ers is de provinsje Fryslân fierwei it wichtichste plak om te wenjen. Mar leafst 81 prosint fielt dat sa. De stêd of it doarp komt op it twadde plak, de regio (Wâlden of Klaai) is tredde en Nederlân fjirde. Ik bin der wis fan dat soks net allinnich foar FNP’ers yn Fryslân jildt. Wy moatte ús as FNP hiel dúdlik profilearje as DE partij fan en foar Fryslân no’t net allinnich it besteansrjocht fan gemeenten, mar ek fan provinsjes hieltyd mear ûnder druk komt te stean. Dy druk komt ûnder oaren fan de Sociaal Economische Raad en okkerdeis noch de Grinzer plysjesjef dy’t pleitsje foar it opgean fan Fryslân yn in noardlik lânsdiel. Tongersdei kaam Hearrenfean-boargemaster Peter de Jonge dêr ek noch by. Yn de lanlike polityk is it D66-foaroanman Alexander Pechtold dy’t dúdlike taal sprekt: gemeenten net lytser as 50.000 ynwenners en it tal provinsjes yn Nederlân werombringe nei fjouwer. Pechtold fynt dat Den Haach soks fan boppen ôf oplizze moat. As de riedsferkiezings achter de rêch binne en we ús rjochtsje op de steateferkiezings fan 2011, soe in tekst as Hannen ôf fan Fryslân wol ris net allinnich in ferkiezingsgjalp wêze kinne, mar in warskôging foar in reëel gefaar dat ús fanút Den Haach bedriget. Reden te mear om mear eigen foech nei Fryslân ta te heljen. Dan kinne we ek baas oer ús eigen grûn wurde en wat dêr oan sâlt en gas yn sit.
Mar earst moatte we 3 maart nei de stimbus foar de riedsferkiezings. Dat jildt net foar de minsken yn Snits, Wymbritseradiel, Nijefurd, Boalsert en Wûnseradiel. Dy komme yn novimber oan bar. De kâns is grut dat we hjir hjoed foar it lêst by ús ôfdieling yn Wûnseradiel te gast binne. De striid is noch net opjûn. Benammen de ynwenners fan Wûnseradiel en Nijefurd stride oant de ein ta troch om it tij noch te kearen. Wy binne grutsk op ús minsken yn dy beide gemeenten, mar ek op dy yn Wymbritseradiel. Se hawwe har altyd dúdlik útsprutsen tsjin de gong fan saken. It falt net ta om op weardige wize foar in rjochtfeardige en mei goeie arguminten ûnderboude oertsjûging te striden tsjin riedsleden fan oare partijen dy’t, sa’t it liket, oars net dogge as har provinsjale en lanlike foaroanmannen neiprate.
Yn de oare gemeenten moatte de minsken aanst yn maart kieze. Foar de FNP binne de riedsferkiezings miskien wol de wichtichste ferkiezings. De gemeenteried is de bestjoerslaach dy’t it tichtst by de boargers stiet. De FNP is in partij mei in dúdlik en werkenber profyl en mei in iepen each en ear nei de boargers ta. Ús kiezers wurdearje dat. De minsken witte wêr’t we foar steane yn saken as weryndieling, it noed stean foar ús lânskip en ús ynset foar de belangen fan Fryslân en it Frysk, mar ek seker as it giet om lokale oangelegenheden. It is fan grut belang dat we dat werkenbere gesicht hâlde. Dat we net sjoen wurde as in ‘gewone partij’ dy’t net folle ôfwykt fan de oare partijen, sa’t de sjoernalist fan de Ljouwerter krante konkludearre út de FNP-enkête. Mar dat de minsken wat ekstra’s by ús fine. Miskien in soarte fan Frysk gefoel fan eigensinnichheid en ûnôfhinklikheid. We rinne net oan de lijbân fan lanlike partijen en belangen, mar wy sette ús ûnôfhinklik yn foar de provinsjale en lokale oangelegenheden.
Der sit feroaring yn de loft. De lanlike polityk begjint de minsken hieltyd mear tsjin te stean. Se witte ús hjir yn Fryslân de kommende moannen grif wer allegear te finen, de Wouter Bossen en de Jan Peter Balkenendes. Miskien sels Alexander Pechtold. As FNP binne we hjir altyd en net allinnich yn ferkiezingstiid.
Wy ferwachtsje dat we dizze ferkiezings yn trije of fjouwer gemeenten de grutste partij wurde. PvdA en CDA sille dan net langer om ús hinne kinne. It Wouter Bos-effekt dat 4 jier lyn de riedsferkiezings kleure, is al lang útwurke. Ik haw yn in pear ôfdielings op de ledegearkomste west en ik priuw it entûsjasme. Ús minsken hawwe der sin oan.
Wy hawwe yn Fryslân 54 riedsleden en 5 wethâlders. Yn de 17 gemeenten dêr’t we 3 maart meidogge, binne dat 44 sitten en 4 wethâlders. De FNP groeit en bloeit. It oanmelden fan nije leden giet noch altyd troch. Minsken sykje in werkenbere partij dy’t stiet foar syn prinsipes. De FNP is sa’n partij. Dat moat him mei de ferkiezings útbetelje. Ús ambysje is dêrom om yn dy 17 gemeenten fan 44 nei 50 riedsleden te gean en fan 4 nei 6 wethâlders.
Wy geane der plat foar om fan 2010 in prachtich FNP-jier te meitsjen. Wy sille it wij-gefoel werombringe yn Fryslân. Beatrix seit it en wy dogge it. Striidber, mar ek mei fleur en humor, sa’t we dat wend binne binnen de FNP en sa’t we dat graach sa hâlde. Frysk, frij en fleurich. En dêr woe ik aanst dan mar ien mei jim op drinke.
Dankewol.




Yüklə 11,2 Kb.

Dostları ilə paylaş:




Verilənlər bazası müəlliflik hüququ ilə müdafiə olunur ©genderi.org 2024
rəhbərliyinə müraciət

    Ana səhifə